Organisaasje en meiwurkers

    Organisaasje

    De Wurkgroep Fryske Bibeloersetting draacht de ynhâldlike ferantwurdlikens foar it projekt en bestiet út fjouwer redakteuren en trije bestjoersleden fan de Stifting. 

    De redakteur foar it Alde Testamint en dy foar it Nije Testamint meitsje mei de oersetters ôfspraken oer hokker bibelboek oerset wurdt. De redakteur jout oanwizings oer it (taal)karakter fan it oanbelangjende bibelboek. De oersetter docht syn wurk op basis fan de boarnetaal (Hebriuwsk, Gryksk) en hat mei de redakteur oerlis oer it ferrin fan it oersetproses. As de redakteur akkoard is, giet de oersetting nei de frisist. Dy hifket de oersetting op de kriteria dy’t foar it ‘soarte’ Frysk opsteld binne. Tusken frisist en oersetter kin oerlis plak fine. As beide it iens binne, giet de oersetting nei de redakteur Frysk. Dy kin oerlis hawwe mei de oersetter en/of de frysist en docht in útstel oan de Wurkgroep om de oersetting goed te karren.

    Nei goedkarring troch de Wurkgroep wurdt it bibelboek publisearre op de webside Fryske Bibeloersetting en is tagonklik foar û.o. de meilêzers. Nei’t de Wurkgroep de opmerkingen fan meilêzers hifke en ferwurke hat is de nije oersetting klear.  

    Redakteuren

    prof. -dr. Eep Talstra

    Prof. dr. Eep Talstra

    Aldtestamintikus

    dr. Lénart de Regt

    Aldtestamintikus

    dr. Liuwe H. Westra

    Nijtestamintikus

    Prof. dr. Rolf Bremmer

    Frisist

    Oersetters

    ds. Jan Finnema

    Protestanske Gemeente Haskeroord

    ds. David de Jong

    Grifformearde tsjerke frijmakke Harns

    Dooitze de Jong

    Student MA godgeleerdheid, Leuven 

    dr. Emke Jelmer Keulen

    Wurksum yn it basisûnderwiis yn  Londen

    drs. Adri Terlouw

    Protestanske Gemeente Lekkum

    ds. Flora Visser - van Enkhuizen

    Meniste gemeente De Lytse Streek

    ds. Atze Landman

    Emeritus predikant

    ds. Gerard Rinsma

    Predikant PKN

    dr. Dirk Jan Dekker

    Voormalig Rector Christelijk Gymnasium Beyers Naudé

    Taalhoeders

    Hindrik Sijens

    Leksikograaf Fryske Akademy

    Baukje Westra

    Korrektor

    Projektkoördinaasje en Sekretariaat

    dr. Jaap van Dorp

    Projektkoördinator en âldtestamintikus

    Titia van Milgen

    Sekretaresse