Projektbeskriuwing
De Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) krige as kommisje fan de Klassis Fryslân fan de PKN de fraach de mooglikheid fan in nije Fryske Bibeloersetting te ûndersykjen. De YKFE hat earder û.o. de tsjinstboeken fan de PKN en it ‘Liedboek Zingen en bidden in huis en kerk’ oerset. (Lieteboek Sjonge en bidde thús en yn tsjerke 2015).
De ferantwurdlikens foar de ynhâldlike kant fan it projekt hat de YKFE delegearre oan de derfoar yn 2019 troch har yn it libben roppen Wurkgroep Fryske Bibeloersetting (WFBO). De ferantwurdlikens foar de saaklike kant fan it projekt hat de YKFE oerdroegen oan de Projektstichting YKFE-FBO. It kontakt fan de Wurkgroep en de Stichting mei de Klassis ferrint fia de YKFE
It projekt hat as doel de Bibel oer te setten nei tagonklik Frysk, útgeande fan de boarnetalen (Hebriuwsk en Gryksk). Sa’n tsien oersetters binne dêr mei dwaande. Taalhoeders hifkje de Fryske tekst op tagonklikens en geef Frysk. De Wurkgroep sjocht ta op it wurk fan oersetters en (Fryske) taalhoeders en bestiet út fjouwer wittenskippers (foar Gryksk, Hebriuwsk, Frysk) en bestjoersleden fan de Projektstifting.