Oersettingen

 

Fan boarnetaal nei Frysk

De redakteur foar it Alde Testamint en dy foar it Nije Testamint makket mei de oersetter ôfspraken oer hokker bibelboek oerset wurdt. De redakteur jout oanwizings oer it (taal)karakter fan it oanbelangjende bibelboek. De oersetter docht syn wurk op basis fan de boarnetaal (Hebrieusk, Gryks) en hat mei de redakteur oerlis oer it ferrin fan it oersetproses. As de redakteur akkoard is, giet de oersetting nei de frysist. Dy hifket de oersetting op de kriteria dy’t foar it ‘soarte’ Frysk opsteld binne. Tusken frysist en oersetter kin oerlis plak fine. As beide it iens binne, giet de oersetting nei de redakteur Frysk. Dy kin oerlis hawwe mei de oersetter en/of de frysist en docht in útstel oan Wurkgroep om de oersetting goed te karren. Yn dit stadium kin (in diel fan) it bibelboek as priuwke publisearre wurde. Elts kin suggestjes foar feroarings yntsjinje (sjoch ûnder).

De lêste stap is it goedkarren troch de Wurkgroep: de oersetting is no klear.

Markus 1:1-6

Johannes de Doper preket by de Jordaan

1 It begjin fan it evangeelje fan Jezus Kristus, de Soan fan God.2 By de profeet Jesaja stiet ‘Tink derom, ik stjoer myn boadskipper foar dy út, dy sil it paad foar dy tariede. 3 Lûd klinkt in stim yn de woestyn: ‘Meitsje de wei foar de Hear ree, meitsje syn paden rjocht!’ 4 Dit barde doe’t Johannes de Doper nei de Woestyn gie en de minsken oprôp om har dope te litten en ta ynkear te kommen, om sa ferjouwing fan sûnden te krijen. 5 Alle ynwenners fan Judea en Jeruzalem streamden ta en lieten har troch him dope yn de rivier de Jordaan wylst se har sûnden belieden. 6 Johannes hie in mantel fan kamele-hier oan mei in learen gurdle om ’e mul; hy libbe fan sprinkhoannen en wylde huning.

Hannelingen 8:26-40

Filippus en de Etiopiér

26 In ingel fan de Hear sei tsjin Filippus: ‘Meitsje dy klear en gean nei it suden oer de wei dy’t fan Jeruzalem nei Gaza rint. It is dêr iensum.’  27 Filippus makke him klear en gie derhinne. Dêr moete er in Etiopiér, in eunuch, in hege amtner fan de kandake, de keninginne fan Etiopië dy’t it behear hie oer har skatkiste. Hy hie nei Jeruzalem west om dér God te oanbidden 28 en no, op ’e weromreis, siet er yn syn reiswein de profeet Jesaja te lêzen. 29 De Geast sei tsjin Filippus: ‘Gean derhinne en bliuw deun by dy wein’. 30 Hastich rûn Filippus dêr hinne en hearde dat er de profeet Jesaja lies. Doe frege er: ‘Begripe jo wol wat jo léze? 31 De Etiopiér antwurde: ‘Hoe soe ik dat kinne as der net ien is dy’t my paadwiis makket?’ Hy nûge Filippus út om yn te stappen en by him sitten te gean. 32 Dit wie it Bibelstik dat er lies: ‘As in skiep waard er nei de slacht brocht, en as in eike dat swijt foar de skearder, sa die hy de mûle net iepen. 33 Hy waard fernedere en him is it rjocht ûntholden, wa sil it noch oer syn neiteam ha? Want syn libben wurdt fan dizze ierde weinommen.’ 34 De eunuch frege Filippus: ‘Kinne jo my sizze oer wa’t de profeet it hat? Oer himsels of oer in oar?’ 35 Doe begûn Filippus him, útgeande fan dat skriftwurd, te fertellen oer it evangeelje fan Jezus. 36 Wylst se fierder rieden kamen se by in wetter, en de eunuch sei: ‘Sjoch, wetter! Wat is derop tsjin dat ik doopt wurd. 37* 38 Hy liet de wein stilhâlde en tegearre rûnen se it wetter yn, Filippus en de eunuch, en Filippus doopte him. 39 Doe’t se út it wetter kamen griep de Geast fan de Hear Filippus en naam him mei, en de eunuch seach him net mear, mar optein reizge er fiierder. 40 Filippus kaam yn Asdod telâne; dêrwei reizge er fierder en ferkundige er yn alle stéden it evangeelje, oant er yn Cesaréa kaam.

*Noot: Sommige hânskriften hawwe noch: Doe sei Filippus: ‘As jo mei jo hiele hert leauwe, dan mei ik.’ Hy antwurde:’ ‘Ik leau dat Jezus Kristus de Soan .’fan God is.’

Job 1:1-5

1 Der wie ris in man yn it lân Oes, dy’t Job hiet. Dizze man wie sûnder lek of brek. Hy wie oprjocht, hie ûntsach foar God en mijde it kwea. 2Hy kriich sân soannen en trije dochters. 3 Syn besit bestie út sân tûzen skiep, trije tûzen kamielen, fiif hûndert span kofee, fiif hûndert ezelinnen en withoe folle tsjinners. Dizze man wie grutter as alle minsken fan it Easten.4 Syn soannen hienen as gewoante om beurten elk oan hus in feest te jaan en sy noadigden har trije susters út om mei har te iten en te drinken.5 As de feestdagen om wienen, liet Job har komme en hillige har. Hy kaam der dan moarns betiid ôf en brocht foar har allegear in brânoffer. Want Job sei:’Miskien hawwe myn bern sûndige en God yn har hert útsegene’. Sa die Job no alle dagen.

Romeinen 12:1-6a

1 Bruorren en susters, mei in berop op Gods barmhertichheid freegje ik jim om jimsels yn syn tsjinst te stellen as in libben en hillich offer, dat God gefallich is. Dat is jim geastlike earetsjinst. 2 Jimme moatte jim net oanpasse oan dizze wrâld, mar oars wurde troch in nije geastes-hâlding, dat jim gewaarwurde wat God fan jim wol, wat goed, folslein en him gefallich is. 3 Mei in berop op ’e genede dy’t my jûn is, sis ik tsjin elk fan jim dat jim jimsels net heger oanslaan moatte as jim past. Tink mar gewoan fan jimsels, yn oerienstimming mei it leauwe, dat de noarm is dy’t God oan elk fan jim jûn hat. 4 Wy hawwe ien lichem mei gân lidden dy’t net allegear deselde funksje hawwe. 5 Sa foarmje wy mei-inoar ien lichem yn Kristus en binne wy, elk foar oar, lidden fan elkoar. 6 Wy hawwe ferskate jeften, al nei de genede dy ús jûn is. 

Psalm 1

1 Lokkich meist immen neame dy’t giin misdiedige plannen útfierd hat, ien dy’t net meidien hat mei ferkearde minsken en him net ophâlden hat by in groep spotters.  2 Ien dy’t wol nocht belibbet oan de Tora* fan JHWH* en op syn Tora* studearet, dei en nacht.  3 Dy wurdt nammentlik krekt as in beam, oan streamend wetter plante, mei fruchten op it goede momint en giin dea bléd te sjen. Wat er ek docht, it slagget him.  4 Sa net de misdiedigers. Dy wurde krekt as tsjéf, de wyn blaast se sa fuort.  5 Sa komt it dat misdiedigers net oerein bliuwe foar it Ijocht oer en ferkearde minsken net yn de mienskip fan rjochtfeardigen.  6 JWHW* begrypt nammers wat ljochtfeardich libjen is. In misdiedich bestean liedt nearne ta.

* Oer de oersetting fan Tora en JHWH wurdt noch in beslút nommen.